Friesch Dagblad Skuorkalinder LF2018

Alle dagen wat nijs lêze oer Fryslân en de wrâld? Fan Bonifatius oant Nijkleaster en noch folle mear? Dat kin yn dizze bysûndere Friesch Dagblad skuorkalinder LF2018 dy't omtinken jout oan wichtige mominten yn it tsjerklik jier en dêr't ek noch alle dagen

Artikelnummer: 1FDK17
Beschikbaarheid: Op voorraad
Levertijd: 5 -10 werkdagen
€15,00 Incl. btw
Aantal:    In winkelwagen

Reviews

Geen reviews gevonden...

Alle dagen wat nijs lêze oer Fryslân en de wrâld? Fan Bonifatius oant Nijkleaster en noch folle mear? Dat kin yn dizze bysûndere Friesch Dagblad skuorkalinder LF2018 dy't omtinken jout oan wichtige mominten yn it tsjerklik jier en dêr't ek noch alle dagen de eveneminten fan Leeuwarden Fryslân 2018 yn oankundige wurde. Dizze spesjale edysje ferskynt op 27 novimber 2017.

Ynspirearre troch alle mienskipsaktiviteiten dy’t op dit stuit yn Fryslân fan ’e grûn komme, betocht Gerbrich van der Meer út Snits, einen kultuerredakteur by it Friesch Dagblad en musikus, it konsept fan in skuorkalinder dy’t alle dagen oanjout wat der op it mêd fan LF2018 yn Fryslân te rêden is. De Friesch Dagblad skuorkalinder Fryslân en de wrâld is lykwols folle mear as in aktiviteitekalinder. It jier 2018 is
net de earste kear dat Fryslân him oan de wrâld sjen lit. Salang’t der Friezen binne, fan 3400 foar Kristus oant hjoed-de-dei, hawwe se har ferhâlden ta de wrâld om har hinne. Mei troch de dieden en gedachten fan dizze fiere foarâlden is ús wengebiet en tinken foarme.

Neist in oankundiging fan de LF2018-aktiviteiten, wurdt de lêzer dêrom alle dagen traktearre op
in weetsje oer Fryslân en de wrâld. Oer skiednis sil it gean, mar ek oer de natuer, oer religy, oer
middenstân en taal, en fansels oer kultuer. In jier lang kinne jo jo ferbaze en fernuverje, ferbite
en fermeitsje, mar foaral genietsje fan al dy moaie ferhalen oer Fryslân en de wrâld.

 

Geen specificaties gevonden
Wij slaan cookies op om onze website te verbeteren. Is dat akkoord? Ja Nee Meer over cookies »