Bûsboekje 2018

It nije Fryske Bûsboekje leit der wer! Yn 2018 is it tema: “Taal”. Hjirmei slút it Bûsboekje oan by “Lân fan Taal”; ien fan ‘e grutte aktiviteiten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 (LF2018). Leafde foar taal. De Bûsboekjeredaksje hat beso

Beschikbaarheid: Op voorraad
€7,00 Incl. btw
Aantal:    In winkelwagen

Reviews

Geen reviews gevonden...
It nije Fryske Bûsboekje leit der wer! Yn 2018 is it tema: “Taal”. Hjirmei slút it Bûsboekje oan by “Lân fan Taal”; ien fan ‘e grutte aktiviteiten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 (LF2018).
Leafde foar taal. De Bûsboekjeredaksje hat besocht dat yn byld en wurd te fangen. Jo sjogge wurdwolken (fan âlde en nije wurden) en kinne lêze oer minsken dy 't mei taal wurkje. In spesjaal plak romje wy yn foar de taal fan minsken dy’t it gehoar misse. Op alle siden stiet dêrom in stikje gebeartetaal. Yn it Bûsboekje steane ek in tal LF2018 aktiviteiten oankundige. In fêst plak hawwe de sizwizen, diskear ek yn Fryske streektalen (en sels ien yn it Grinzers!)
It Fryske Bûsboekje 2018 is de trijenfjirtichste útjefte. Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging.   
Fan it Bûsboekje 2017 binne der 3515 stiks ferkocht. Sûnt de start binne der neffens ús berekkeningen sawat 210.000 Bûsboekjes ferkocht. Dêrmei it it Bûsboekje it bêst ferkochte Fryske boek.
Geen specificaties gevonden
 Toevoegen
Gebruik komma's om tags te scheiden.
Wij slaan cookies op om onze website te verbeteren. Is dat akkoord? Ja Nee Meer over cookies »